Regio Súd Onze bibliotheken

   


A A A

 Stem en win een jaar lang boeken!


Naar SuderBlogKlik voor een eigen Twitter-account en volg de bieb op Twitter



Nu ook draadloos internet in de bieb!


  

Fryske Literêre Jûn - 15 september


Bibliotheek Heerenveen

It Fryske Boek en Tresoar ha mei bibleteken en kriten rûnom yn de provinsje literêre programs organisearre in de Moanne fan It Fryske Boek . Ferskate skriuwers, muzikanten, akteurs ha yn gearwurking in spesjaal program gearstald.
Op woansdei 15 septimber komme Gjalt de Groot, Elske Kampen en Piter Wilkens  yn de bibleteek op It Hearrenfean.

 

Gjalt de GrootDe ferteller Gjalt de Groot  is in natoerman yn ieren en sinen. Yn syn earste boek De jonge aaisiker fan Luctor et emergo (2009) lit Gjalt de Groot sjen dat aaisykjen neat te krijen hat mei ‘eieren rapen’ mar alles mei histoarysk besef en leafde foar de natoer. Krekt ferskynt is It Swetshok – ferhalen fan in fjildman. It swetshok is it plak dêr’t de tiid stil stiet, oan ‘e wanden hingje in pear ielfûken, posters fan skûtsjes, in âlde skoalplaat mei fisken en wat âld ark. It is it plak dêr’t samar smoute ferhalen opkomme.

Elske Kampen  publisearre gedichten op de Skriuwerskalinder, yn Hjir, De Moanne en Ensfh en wûn  Rely Jorritsmaprizen yn 2008 en 2009.Yn 2009 wûn sy mei har gedicht ‘Altyd de loft’ de JM-priis. Fierders levert sy foar it jierlikse FeRstival foar jongeren yn it fuortset ûnderwiis gauris gedichten en skriuwt sy koarte ferhalen en lietteksten yn it Frysk.
Har earste Fryske poëzybondel ferskynt yn septimer 2010.


Piter Wilkens
, de Fryske trûbadoer, wa kin him net, wûn yn 2010 de Bernlefpriis foar syn hiele oeuvre. De priis is bedoeld foar de Frysktalige, fokale muzyk yn alle sjenres.
De fleanende Hollanner de nije cd fan Piter Wilkens is it twadde album fan Piter wêrby't er nûmers fan Cornelis Vreeswijk yn it Frysk oerset hat. De yntusken ferstoarne Vreeswijk wie in bekend trûbadoer yn Sweden. 
 
 

De nijste boeken dy't foar de Boekewiken útkamen en it wurk fan de skriuwers binne yn It Hearrenfean te keap by de boeketafel fan boekhannel Bruna.
It Kadoboek Los sân fan Greet Andringa, is ek te krijen fergees by oankeap fan op syn minst € 9,00 oan Fryske boeken. 


Woansdei 15 septimber 2010
Bibleteek It Hearrenfean, Lêskafé
Tiid: 19.30 - 22.00 oere
Tagong € 7,-. Bibleteekleden € 3,50
Oanmelde


 

Terug

COPYRIGHT 2010